Zoekresultaten voor: *
Resultaat 361 - 380 (van 606)
Jan Schokker De flecht fan Victor
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch...
Fictie
Westerlauwers Fries | 116 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2020
E-book
Willem Schoorstra Swarte ingels
roman
"Hilbrand en syn suske Fardou wenje wat isolearre op in pleats bûtenút. Har heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde, har mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Heit en mem ha in minne relaasje en hy ûntdekt dat heit mei oare froulju omslacht. Sels rekket er fereale op syn suske. Hy pakt der mei om en kin neat skine litte. Allinne syn pake, dy't net mear prate kin, fertelt er it oan. As Fardou troch in tafal te witten komt wat hy foar har fielt, krije...
Fictie
Westerlauwers Fries | 185 pagina's (ePub2, 3,1 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Elske Schotanus Wurk
Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan n dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy’t tsjin de sechstich rint. Hieltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Fertsjinje...
Westerlauwers Fries | 7 uur 15 minuten (296 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (146 MB) | Afûk, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Mentha Minnema en it smokkelmystearje
Ferdinand en Jeltsje (bekend fan Mentha Minnema en it klokkemystearje) helpe de privee-detektive. Yn Straatsburg treft Ferdinand Leontine, in Frysk/Spaans famke, dat ek wol in aventoer mei Mentha Minnema belibje wol. Mar foar har is dit speurferhaal net allinne mar feest. It wurdt har suver te spannend! Harkje nei it boek en lit dy meinimme yn it aventoer! It boek is yn de Mentha Minnema-rige ferskynd yn 1995. Inhoud Skyldpodden Autopech mei slang It Europeeske Parlemint De man mei de snor Telepaty...
Westerlauwers Fries | 3 uur 4 minuten (204 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De swannen fan Hoxwier
It libben fan de ynwenners fan Fryslân wurdt behearske troch de fraach wa't foar de Spanjerts en tsjin de herfoarming is, of oarsom. De bewenners fan Hoxwier binne tsjin de Spanjerts en dat is oaren net nei it sin. Op in dei binne de swannen fan de state op stjerren nei dea. Is dat it wurk fan de duvel, of is der wat oars oan de hân? Inhoud Ynlieding De Spanjoalen De state Hoxwier Feest Frjemdfolk De foarsizzing Wachtposten De swannen I De reis nei de sted Ljouwert De alchemist Frjemde gasten...
Westerlauwers Fries | 2 uur 16 minuten (151 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De kwestje fan Quad
As Tsjalling syn nije kilometerteller útprobearret, slacht er oer de kop en ûntdekt er de tiidmasine fan professor Quad. En wat dêr allegearre foar aventoeren achter wei komme... Tsjalling en Anne geane mei op tiidreis, werom nei de terpetiid, werom nei de midsieuwen en dan is der noch in tredde reis nedich, werom nei de 17de ieu. Dan is it winter en mei Anne bewize, dat er hurd ride kin. Inhoud De klap De kilometerteller Op ûndersyk De gong Quad De tiidknikkerts Sneontemiddei De wetten Fier...
Westerlauwers Fries | 5 uur (342 MB) | Koperative Utjouwerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Nacht op it eilân
Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius te besjen dy't yn de haven leit. Dan fart de boat fuort. Se bliuwe allinne efter op it eilân. Eins fine se dat wol spannend. Mar yn in tsjuster bosk in hutte bouwe falt net ta, hielendal net as it reint. Yn 'e skuorre fan Steatsbos krûpe se dan mar yn it hea. Dy nacht wurdt de skuorre lykwols ek brûkt troch streupers... En dan wurdt it echt spannend!!! Nacht op...
Westerlauwers Fries | 42 minuten (47 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Mentha Minnema en it klokkemystearje
As Ferdinand mei syn heit in prachtige antike klok keapje wol foar mem, is de hiele klok ferdwûn! Stellen! Of is der dochs wat oars mei oan de hân? Foardat se it witte sitte Ferdinand en Jeltsje mei Mentha Minnema midden yn in spannend speurders-aventoer. Slagget it harren om mei Pyt Pander fan de resjerzje de saak op te lossen? Harkje nei it hiele ferhaal, dat foarlêzen wurdt troch skriuwer Jan Schotanus sels. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It berjocht...
Westerlauwers Fries | 2 uur 13 minuten (152 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De Traveliers - Fûgelfrij yn de canyon
Der klinkt in lûde knal. 'Hat dy fint in pistoal?' Jelle wurdt bleek om 'e holle. 'Ik wol hjirwei!' 'Nee, stil!' In doar slacht ticht. Hidde en Jelle meitsje har sa lyts mooglik. Se hearre de man praten. Se kinne it net ferstean, mar syn stim klinkt lilk. Hy rint hinne en wer. 'Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?' systeret Hidde. Of bellet er?' Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp. Yn dit diel fan de Traveliersrige giet de famylje nei Amearika. Wat is der allegearre oan de hân by de...
Westerlauwers Fries | 2 uur 29 minuten (111 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
S.A. Schoustra It gild to Grou 1776-1976
ta de skiednis fan sykte- en alderdomsforsekering op it plattelan en har soasjael-kulturele eftergrounen
Westerlauwers Fries | 185 pagina's | Fryske Akademy [etc.], Ljouwert | 1978
Gedrukt boek
Meindert Schroor | Nanne Kalma | Tryntsje van der Steege | Bert Looper See, see, do wide see
Fjouwer lêzings
Sympoasium mei in ynlieding en trije lêzings oer de see yn de Fryske literatuer. Ynhâld Meindert Schroor: De see en wy. Mei de rêch nei de see Nanne Kalma: De see yn folkslieten Tryntsje van der Steege: Byldfoarming & Byldspraak. De see as dekor en as metafoar yn it Fryske proaza. Bert Looper: Dêr’t de dyk it lân omklammet. De see yn de Fryske poëzij. De lêzings binne yn it Hannemahuis yn Harns opnommen. De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, dit tredde jier fuortset troch in...
Westerlauwers Fries | 1 uur 43 minuten (95 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Ingrid Schubert | Dieter Schubert Rinus
Het neushoorntje Rinus wil graag spelen en ravotten, maar zijn stoere opa is oud en ligt lekker te slapen. Als Rinus ervandoor gaat en in het water valt, gebruikt opa zijn jeugdige kracht om hem te redden. Prentenboek met gekleurde illustraties. Vanaf ca. 4 jaar.
Fictie
Westerlauwers Fries | 27 pagina's | Hoogland & Van Klaveren, [Hoorn] | 2024
Gedrukt boek
Fedde Schurer Lof fen alle tiden
psalmen, gesangen en lieten
Westerlauwers Fries | 87 pagina's | Kamminga, Dokkum | 1934
Gedrukt boek
Fedde Schurer Fen twa wallen
fersen
Westerlauwers Fries | 92 pagina's | Brandenburgh & Co., Snits [Sneek] | 1940
Gedrukt boek
Fedde Schurer Fersen
Westerlauwers Fries | 93 pagina's | Brandenburgh, Snits [Sneek] | 1934
Gedrukt boek
Selscip foar frysce tael in scriftenkinnisse Swanneblommen
jierboekje
Meursinge, Liowerd [Leeuwarden] | 1849
Tijdschrift
Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse Tinkboek fan it hûndertjierrich bistean fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, 1844-1944
Westerlauwers Fries | 388 pagina's | Westerbaan, Ljouwert | 1949
Gedrukt boek
Selskip Rîucht en Slîucht De Biddeltekken
rîmkes
Westerlauwers Fries | 40 pagina's | U. Proost, Ljouwerd | 1859
Gedrukt boek
Shakespeare Shakespeare's wurk
Westerlauwers Fries | 234 pagina's | Fryske Shakespeare Stifting, [Drachten] | 1956
Gedrukt boek